3 januari 2009

Nynke Laverman



Irma hie û.o. de cd/dvd 'Cohen in het Fries' yn har kriist-pakket. En Nynke's útfiering fan Hallelujah derop fyn ik nog moaier dan dizze by 'De wrâld draeit troch.' As ik allinnich ol it wurd 'halleeloeja' sa prachtig út de tiennen wei sjonge koe as Nynke, soe ik noait wer ûnder de dûs weikomme of de hiele dei wol ôfwâskje wolle. Fannejûn ûnder it sop iten ha Jelke en ik in moai skoft 'halleeloehoeja' oan it meirazen west en Jelke kin 'loe' al hiel lang folhâlde, nog net sa lang as Nynke, mar dat komt neffens Jelke omdat sy in gruttere mûle hat dan hy.