mail fan OnnoBêste fotograaf,
Wat in moai begjin fan de krystfakânsje! Ik wol jo by dizzen dan ek fan herte betankje foar it uploaden fan jo snie-foto op www.omropfryslan.nl
Ien en oar hat laat ta fjouwer winter-fotoboeken mei no al sa'n 500 foto's dy't besjen lije kinne.
Omdat de foto's te moai binne om net mear mei te dwaan hat ús redaksje in stikmannich bysûndere eksimplaren selektearre foar dei-televyzje. Dei-tv is ús televyzje-programma mei webcam, nijsberjochten en radio-lûd, dat de omrop op't heden alle dagen útstjoerd fan 12.00 oant 17.00 oere middeis.
Yn dit tv-programma komt hjoed ek jo foto foarby. It like ús wol sa aardich om dit jo yn't foar even witte te litten.
Mei freonlike groetnis,
Onno Falkena, koördinator nije media Omrop Fryslân.