10 april 2011

Trinus Riemersma, in foto makke nei syn dea, freed 8 april 2011, 1:16

Trinus Riemersma ferstoar op tiisdei 15 maert 2011 yn it MCL. By myn witten ha ik him nea moete, al hie dat yn 1979 net folle skilt. Tiidens de sutelaksje foar it Fryske boek yn dat jier kocht ik op it Frânske Pleintsje yn Drachten syn boek "Fabryk". De skriuwer moat dêr doe sels ek west ha, mar ik ha him net sjoen. Dochs hat er kâns sjoen om syn namme en de datum yn myn (en syn) boek te skrjowen. (dat heart mysterieuzer dan it is: in iveriche sútelster ferdwûn mei it boek tusken de kreamen en kaam werom mei in signearre exsimplear). In jier as wat werom ha'k Riemersma nochris in foto mailt as mooglike omslachfoto foar in mooglike werprinting fan "Hjerst yn de Ardinnen" mar die werprinting soe d'r nea komme mailde er werom. Hast fjouwer wyken lyn is er dus ferstoarn, ungefear fiifhundert meter by myn hûs wei. Fan it kompjuterskerm ôf ha ik in foto fan him makke, wylst er yn 2003 yn frentsjer in kuier makket mei syn hûn Sytze en antwurden jouwt op fragen fan in interviewster fan Omrop Fryslan. In foto makke nei syn dea, en ik haw noch sa'n tweintich titels fan syn hân yn de boekekast, werfan ien signearre; tichter by dizze eigensinniche Fryske skriuwer kin ik net mear komme.